mei 23, 2020
fan ûnbekend*
In earn fleach by de himel lâns,
al roppend trije kear it wee
oer ’t minskdom op ’e ierde:
‘Alles rekket út balâns.’
De fiifde stjit fan de trompet
rôp op it fallen fan in stjer,
dy’t nei de ôfgrûn fierde,
hiel it folk mei kwea besmet.
De stjer kriich fan de put de kaai,
sprinkhoannen kamen mei de reek
derút, oer hiel de ierde
namen dy it lijen mei.
Fiif moannen ha se pine brocht
foar al it folk mei kwea besmet,
dat folle leaver stjerre
woe as libje sûnder ljocht…
… dat troch dy bisten opheind waard
mei wjukken as in oarlochswein,
fan fierren al te hearren…
meunsters, stikelich fan aard.
* Yllustraasje ‘De fiifde trompet’
mei 20, 2020
fan ûnbekend*
De earste stjit op ’e trompet
rôp heil en fjoer op, dêr trochhinne
bloed, ’t waard op ’e ierde smiten…
in tredde part oerlibbe ’t net.
De twadde stjit rôp op in ding
lykas in berch yn ljochte lôge,
yn de weagen waard it smiten…
in tredde part oerlibbe ’t net.
In stjer foel by de tredde stjit
op wetterboarnen en rivieren;
fan it wetter waard in tredde
part aalst**, te drinken wie it net.
De fjirde stjit op ’e trompet
fertsjustere in tredde part fan
sinne, moanne en de stjerren,
de ierde waard yn ’t skimer set.
* Yllustraasje ‘Ingels’
** bitter