Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Trompetstjit sân

Bibelbylden

fan Jacob de Wet*

Doe klonk trompetstjit sân,
noch lûder as de earste seis,
ik hearde stimmen klinken,
’t waard in muzikale reis:

It keningskip is fan
de Heit en fan syn leave Soan,
yn ivichheid de kening,
foar dy beide is de troan.

De âldsten foelen foar
de troan, de holle op ’e grûn,
en ha doe God fereare,
want oan Him is alles jûn:

Wy tankje Jo, o God,
dy’t is en wie, oan Jo de macht,
foar hjoed en moarn oannommen,
macht dy’t alle kwea ferslacht.

De tiid is kommen om
it oardiel oer it folk te jaan
dat stoarn is en wer libje
mei, Jo wolle kwea ferjaan.

Gods timpel ljochte op,
sadat de arke fan ’t ferbûn
te sjen wie yn it wjerljocht,
’t ûnwaar gie de ierde rûn.

*Jacob de Wet (jiertallen ûnbekend)
Skilderij ‘De fjouwerentweintich âldsten’

admin

Trompetstjit seis

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Doe klonk trompetstjit seis
en liet in stim him hearre:
‘Meitsje los de fjouwer ingels,
dy’t fêstbûn sitte by de Eufraat.’
Dy ingels stjoerden ’t hynstefolk op reis,
de ruters klaaid yn pânsers,
fjoer- en donkerread en swevelgiel,
foar har taak alhiel paraat,
de hynders mei in liuwekop,
de bek fol fjoer en reek en swevel,
de sturt bewegend as in slang,
se jagen sa it minskdom op,
in tredde part moast stjerre,
it needlot wie har diel,
de oaren waarden doe wol bang,
mar net foar lang, sy giene troch
mei har praktiken, dy’t net hearre
foar te kommen ûnderweis.

* Yllustraasje ‘Ruters bringe it folk om’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum