juni 13, 2020
fan ûnbekend*
Nei’t de draak op ierde smiten wie,
gie hy de frou rap achternei,
dy’t de jonge op ’e wrâld brocht hie.
De frou kriich wjukken fan de grutte earn
om te ûntkommen oan de draak,
de woestyn, dêr soe se hinne gean.
Op it iepenst kaam de grutte bek,
de frou kriich wetter achternei,
in rivier, neat wie de draak te gek.
De ierde seach de frou har bangens oan
en die de mûle iepen foar
de rivier, poer klonk de draketoan.
Oarloch waard it tsjin de oare bern,
de tsjûgen fan de Hear syn wei,
op it strân wie doe de draak te sjen.
* Yllustraasje ‘Frou en draak’
juni 10, 2020
fan Frans Floris I*
De himel waard it slachfjild
fan Michaël syn leger
tsjin dat fan de draak,
de âlde slang, de satan,
dy’t it minskdom yn betizing bringt;
de draak waard optild
en op ierde smiten…
Michaël naam folop wraak.
Doe klonken lûde stimmen:
‘It heil is fan God kommen,
fan de Soan de macht,
delsmiten is de satan,
dy’t it bloed fan trouwe martlers drinkt;
jim liet sil klimme,
himelheech, ferwite
sil de draak ús God de nacht.’
* Frans Floris I (1519-1570)
Skilderij ‘Fal fan de opstannige ingels’