Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Ierdebeest

Bibelbylden

fan ûnbekend*

In twadde beest kaam foar it ljocht,
diskear út ’e ierde wei,
in beest dat minsken derta brocht
om ’t seebeest te oanbidden,
boppedat mei wûndertekens
minsken yn betizing bringt,
bepraat om yn har midden
in byld te meitsjen fan it beest
dat út ’e see opkommen is,
in libben byld, dat praat en winkt
om him de ear te bringen;
fan dat byld krijt elkenien
in merk op hân en holle,
want dan is it beest der wis
fan dat syn namme of getal
as teken tsjinnet fan syn macht,
foar him is ’t folle
net genôch: 666.

Yllustraasje ‘Beest út ’e ierde’

admin

Machtich beest

Bibelbylden

fan ûnbekend*

My kaam in beest foar eagen
mei tsien hoarnen en sân koppen …
wie ’t in panter, liuw of bear?
De draak joech him syn folmacht,
fan de minsken kriich er alle ear,
lykas de draak fereare waard:
‘Gjin minske kin dy beide oan,
sy ha de ierde yn de macht!’
It lei yn ’t beest syn duvelsk aard
om God en ’t himelfolk te lasterjen.
Doe mocht it wrede beest de striid
opnimme tsjin de hilligen,
dy’t hy oerwûn, it rûn der doe op út
dat hy de wrâld oermastere.
It beest kriich alle ear
fan ’t folk dat net yn ’t boek stie
fan it slachte Laam.
Uteinlik kaam foar hilligen de rie:
‘Hâld fol, der komt foar jim in kear!’

Yllustraasje ‘It beest út ’e see’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum