Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Hoer Babylon

Bibelbylden

fan ûnbekend*

In oare ingel seach ik kommen,
strieljend en mei grutte macht;
doe’t syn stim de wrâld oer klonk,
is al it oare lûd ferstomme:

Fallen is it grutte Babylon
fanwege ’t wenplak fan kweageasten,
dy’t skonken de ûnreine wyn
fan huorkerij foar alle folken,
foarst en keapman dronken ’t measte.

In oare ingel liet him hearre:

Fal net mei it grutte Babylon,
myn folk, sa sille jim net libje,
gean by dy huorkerij rap wei;
skink foar dy hoer noch folle sterker
drank, men sil de fal belibje.

* Russyske gravuere ‘Hoer fan Babylon’

admin

Dronken hoer

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Ien fan de ingels spriek my oan
oer ’t reade beest mei op ’e rêch
in frou yn poarper en skarlekken,
dy’t mei goud behongen wie,
’t bestean as hoer foldie har skoan.

In beker hie sy yn de hân,
fol mei har eigen huorkerij,
sy dronk en wie doe dronken rekke
troch it bloed fan hilligen,
it gie fier boppe myn ferstân.

Dus lei de ingel it my út:
it beest wie it Romeinske ryk,
dan stie de dronken hoer foar Rome,
dy’t smoardronken wie fan ’t bloed,
har ûndergong kaam ta beslút.

* Yllustraasje ‘De hoer op it beest’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum