juli 28, 2020
fan ûnbekend*
In sterke ingel bûgde him
en tilde op in grouwe stien,
dy’t hy de see ykeilde,
doe klonk bolderjend syn stim:
Lykas de stien wurdt mei geweld
it grutte Babylon delkeild…
wa kin de stêd noch fine
as de djippe delgong telt?
Gjin harpe jout mear lûd, skalmei
en ek trompet ha net de krêft
noch om oer ’t gea te klinken,
wat muzyk brocht, is foarby.
Men fynt net mear in hantwurksman,
de rike keaplju ha ferlern…
wat is der noch te fieren?
Feesten heart men neat mear fan.
Mei ’t grutte Babylon is ’t dien,
de stêd fan it fergetten bloed
fan hillige profeten…
delkeild wurdt de grouwe stien.
* Foto ‘It oardiel oer Babylon’
juli 25, 2020
fan ûnbekend*
It is sawat safier
dat Babylon yn fjoer en flam
fergiet, gjin stien bliuwt op ’e oare,
ferlern is al har sier.
De foarsten stean dan fier
fan Babylon nei ’t fjoer te sjen
en sille lûd oer ’t needlot kleie,
ferlern is har fertier.
De keaplju yn it spier
mei harren hannel foar de stêd,
sy krite kleiend oer ferliezen,
de takomst eaget skier.
De seelju dy’t elk jier
de fracht ferfarre, bliuwe stean
en struie strjitstof op ’e holle,
wa jout noch om plezier?
Mar ’t godsfolk sil net stean
te kleien, fier klinkt it jûchhei,
oer Babylon is ’t oardiel sprutsen,
har heechmoed sil fergean.
* Yllustraasje ‘Klacht om Babylon’