augustus 6, 2020
fan Jan van Eyck*
My klonken lûden yn de earen
fan in grutte mannichte,
fan mânske wetterfloeden
en fan mannich tongerklap,
dy lûden joegen God de eare:
Us God de Hear is kening wurden,
halleluja, jubelje
en jou Him alle eare,
want de brulloft fan it Laam
is kommen, ’t sil in grut feest wurde.
Syn frou stiet klear yn blinkend linnen,
de gemeente fan de Hear
rint Him al yn de mjitte,
klaaid mei dieden fan it folk
dat hillich wie, it sil oerwinne.
Doe klonk it lok my yn de earen
fan it folk dat nûge wie
op ’t brulloftsfeest fan Kristus,
dy’t as my in tsjinstfeint wie,
oan God de Hear komt ta de eare.
* Jan van Eyck (sirka 1390-1441)
Skilderij ‘It Laam fan God’
augustus 1, 2020
fan ûnbekend*
In machtich lûd klonk as in liet:
Halleluja, ear oan God,
dy’t macht hat en it heil jout,
de macht om in rjochtfeardich oardiel
út te sprekken oer de hoer fan Babylon,
dy’t oer de ierde grut ferdjer brocht,
sadat in swiere straf kaam op har del,
Gods feinten hat sy ek fermoarde.
Sjedêr de hoer yn fjoer en flam,
de reek ferdriuwt it lêste ljocht,
nea wurdt in toer wer boud.
Ien stim kaam by de troane wei:
Dêrom loovje God, jim allegear,
fan lyts oant grut, in machtich koar,
Him tsjinje al syn feinten,
de iene nei de oar,
foar har is ’t heil.
* Yllustraasje ‘Himelsk koar’