augustus 22, 2020
fan ûnbekend*
Nei tûzen tuskenjierren
sil it barre dat de satan komt werom
om op ierde rûn te gean,
syn rop klinkt al fan fierren.
Hy sil in boadskip bringe
fan betizing, folken komme dêryn om,
moatte foar de striid klear stean,
dêrnei Gods folk ferkringe.
Nei tûzen tuskenjierren
kamen sy manmachtich nei it legerkamp
fan it Godsfolk en de stêd
dêr’t God Him iepenbiere.
Der foel doe fjoer op ierde
út ’e himel wei, de satan en it beest
rekken yn it lôgjend fjoer,
de ein fan harren dieden.
* Yllustraasje ‘Hel’
augustus 19, 2020
fan ûnbekend*
In ingel seach ik mei in kaai,
dy’t streekrjocht út ’e himel kaam,
hy hie in keatting yn de hân,
dêr bûn er earst de satan mei
om him dêrnei te keilen
yn de ôfgrûn, dy’t er sleat
foar tûzen jier, dêr wie de delgong
amper mei te peilen;
dêrnei seach ik troanen stean
foar sielen dy’t de holle ôfslein wie,
omdat sy tsjûgen foar de Hear
en ’t merk fan ’t beest net droegen…
de troan wie har fertsjinne lean;
sy binne lokkich om sa op te stean
mei Kristus, want sy hoege
net yn te sitten oer de twadde dea
en sille mei Him hearskje tûzen jier,
mar dan komt wer in ommekear,
wannear’t it beest loslitten wurdt
foar ’t lêst, want dêrnei is ’t safier.
* Yllustraasje ‘Tûzenjierrich Fredesryk’