augustus 29, 2020
fan ûnbekend*
De earste himel en de earste ierde
lieten har net langer sjen,
ik seach in nije himel, nije ierde
en in nij Jeruzalem kaam del,
it wie de ein fan âlde tiden.
Fanút de nije himel wie te hearren
dat God wennet by syn folk,
de triennen sil Hy út ’e eagen feie,
’t deaderyk is smiten yn de hel,
dat rou sil freugde net bedjerre.
God is de alfa en omega: earste,
tagelyk de lêste, Hy
sil drinke litte fan it libbenswetter,
dat it lean is fan wa’t bliuwt yn stel,
gjin niget hat oan kweade geasten.
Hy is foargoed Gods soan, dat sil er wêze,
om’t er folhold yn de striid,
syn namme is yn ’t libbensboek te lêzen.
* Yllustraasje ‘Nije himel en ierde’
augustus 26, 2020
fan Hans Memling*
In wite troan kaam my foar eagen,
dêr de Rjochter op, foar syn gesicht
gjin himel en gjin ierde mear,
mar inkeld boeken, doe noch ticht.
It deaderyk joech earst de deaden
oer, lykas de weagen fan de see,
sa kaam der yn de dea in kear,
se stiene foar it oardiel ree.
Doe sloegen alle boeken iepen,
dat fan ’t libben kaam der ek noch by
foar ’t oardiel: straf de ien en ear
de oar, de lêste rekke frij.
It deaderyk waard yn de fjoerpoel
keild, wat trochgiet foar de twadde dea,
dêr kamen alle kweaden gear,
foar har wie fjoer it deistich brea.
* Hans Memling (sirka 1430/1440-1494)
Trijelûk ‘it lêste oardiel’