mei 29, 2024
fan ûnbekend*
Ezechiël
Sprek tsjin Edom, minskesoan,
dat mei deselde gleone grime
dêr’t jim te wurk gien binne
tsjin myn folk, Ik dy ek treffe sil,
do hast it foar dysels bedoarn.
Tsjin myn folk brûkst lastertaal,
syn lân soe wurde ta in oarde
dêr’t nimmen langer wenne,
dêrom doch Ik dy dit lot ek oan,
dit wurdt de ein fan dyn ferhaal.
Rûnom lizze liken op
dyn bergen, bloed streamt nei de lichten,
want sa silsto My kenne
as de God fan myn folk Israel,
der komt in ein oan dyn gerop.
* Foto ‘Berch yn Edom’
mei 22, 2024
fan ûnbekend*
Ezechiël
De Heare joech my as profeet
syn eigen byld as goede hoeder,
want de skiep dy’t oeral doarmje,
hellet Hy nei Israel werom,
der komt in ein oan harren leed.
Mar komt it swakke skiep yn need
troch tadwaan fan de sterke rammen,
dan sil God de strange rjochter
wêze: ‘Dêrom, sterken, tink derom,
de hoeder hâldt it swakke beet.’
God ropt syn tsjinstfeint David op
om hoeder fan it folk te wêzen,
dat frij wennet yn it eigen
lân, gjinien komt mear fan honger om,
de keppel harket nei syn rop.
* Foto ‘De goede hoeder’