juni 18, 2024
fan keunstner út Ruslân
As profeet kriich ik in opdracht
dy’t dûbel op my oerkaam:
tagelyk in opdracht foar de striid,
dêrnei de deastraf… út ’e tiid.
Yn dy tiid kriich Gog de opdracht
as grutfoarst op te tsjen tsjin
Israel mei hiel syn legermacht,
bûnsmaten joegen daliks acht;
folken dy’t it mei him holden,
marsjearren mei syn leger
op mei helm en swurd en spear en skyld
nei ’t lân dat lei foarhinne wyld
derhinne, mar te boppen
is ’t folk úteinlik kommen
dat troch God de Hear útkeazen is…
de tiid fan Israel is wis.
* Yllustraasje ‘Gog fiert syn leger oan’
juni 12, 2024
fan ûnbekend*
Ezechiël
De Heare joech my opdracht
om twa plankjes te beskriuwen,
op de iene skreau ik Efraïm
en op ’e oare Juda,
doe klonk op ’e nij Gods stim:
‘Doch beide plankjes byinoar,
in ienheid sille se sa bliuwe.’
De Heare joech ek útlis:
‘Israel en Juda sille
wurde ta itselde keninkryk,
myn tsjinner David wurdt dan
foarst, it nije is gelyk
oan ’t âlde ryk, Ik sil myn folk
wer nei deselde hichte tille.’
De Heare liet ek witte
dat der komt in bûn fan frede,
boppedat in ivich hillichdom,
lykas it hôf fan Eden.
* Yllustraasje ’Twa plankjes’