Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Net mear allinne

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Haw gjin noed ast nea in bern
it libben jûn hast,
de skande fan dyn jonge jierren
hoechst net mear te sjen.

Sitst der noch mismoedich by,
bist sitte litten,
dan wurdst roppen troch de Heare,
want Hy is mei dy.

Brek yn lûde jubel út
as frou allinne,
mear bern hasto, al bist ferlitten,
oeral sprút it út.

Meitsje rommer ’t eigen plak
en span de kleden,
sadat dyn tinte wider eaget:
wrâldwiid ûnderdak.

Lannen komme yn besit
fan ’t eigen folk dat
it plak ynnimt fan heidenfolken,
sa’t de Heare hjit.

* Foto ‘Frou allinnich’

admin

Frijspraak troch de tsjinstfeint

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Ferachte wie myn tsjinstfeint,
ien dy’t neat besparre bleau,
gjinien woe noch wat fan him witte;
hy joech him ûnder ’t lijen del,
lykas in skiep, stom foar syn skearders,
as in laam dat slachte wurde sil,
myn feint wie net yn tel.

Hy naam op him de kwalen
fan it folk, dit lijen droech
er sûnder him lilk út te litten
oer dat er oansjoen waard as troch
God slein, mar ’t wiene misse stappen
fan ússels dêr’t hy troch troffen waard,
syn leed wie net omdoch…

… want troch syn djipgeand lijen
krijt it neigeslacht gjin dreech
bestean, mar útsicht op in libben
yn frede, ’t komt op frijspraak del.

Sjedêr myn trouwe tsjinstfeint,
tige giet it mei him, heech
riist hy der boppe-út, syn libben
yn frede is tenei yn tel.

* Ikoan ‘Kristus Pantokrator’
 


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum