januari 8, 2022
fan ûnbekend*
Jesaja
Nee, de earmen fan de Heare
binne net te koart,
dêrmei wol Hy jim rêde;
syn earen binne net te staf
om nei jim noed te hearren,
mar wat is der bard?
Ja, jim ûngerjochtichheden
soargen foar in daam
dy’t Gods leafde kearde;
de hannen sitte ûnder ’t bloed,
fan ûnrjocht drippe fingers,
skuld treft feint en faam.
Oer jim lippen komme leagens,
wylst de tonge al
beweecht foar falske wurden;
jim briede aaien fan de slang
út, dêrút komme njirren,
krûpend nei har hol.
Lykas spinnen dogge, weve
jimme reagen, mar
dêr kinst gjin klean fan meitsje;
jim weven is dus ûnheilswurk,
jim plannen tsjûgje dêr ek
fan, wyld yn de war.
* Foto ‘Spinreach’
januari 5, 2022
fan ûnbekend*
Jesaja
Rop lûd dat elkenien it heart,
dyn stim moat wêze as in hoarn
om op te roppen rjocht te dwaan,
’t skynhillich folk hat dêr wol oan.
It hâldt foar ’t each in festeldei,
yt net, mar docht wol saken om
krekt op dy dei syn slach te slaan,
sa bûcht it folk wat rjocht is krom.
Part mei wa’t honger hat it brea,
jou oan de earme swalkers klean
en wêrom har gjin sliepplak jaan
foar’t sy mei moed wer fierder gean?
Foar dy sil ’t wurde ljochtskyndei,
gerjochtichheid giet foar dy út
en jout yn dyn bestean rom baan,
de gloarje folget ta beslút.
Ast hâldst de sabbat mei dyn hert,
as dy syn hillichheid behâldt,
dan hoechst dyn slach net mear te slaan,
mar krijst de fruchten mannichfâld.
* Foto ‘De rjochte wei’