februari 19, 2022
fan ûnbekend*
Jesaja
Myn profesy berikt de ein,
ik ha myn lûd jim hearre litten
oer it paad dat rint nei ’t kwea
en fan de wei nei ’t goede ta,
dêrmei is noch net alles sein.
De Heare hat it lêste wurd:
‘Ik kom om folken by elkoar te
bringen om myn hearlikheid
te sjen, dit teken komt har ta,
de romte op myn berch is grut.
Ik stjoer myn tsjinners derop út,
de wrâld yn nei de heidenfolken,
dat myn hearlikheid dêr klinkt,
dan mei elkoar nei Sion ta,
dêr’t ik myn hearlikheid ûntslút.
Jim namme bliuwt foargoed bestean,
lykas de himel en de ierde
foar myn eagen nij ûntstean
en al wat libbet, komt derta
om biddend ta My op te gean.’
Foto ‘Sion’
februari 16, 2022
fan ûnbekend*
Jesaja
De fijân fan de Heare God
ferwachtet neat fan kommend heil,
mar daget wol syn gloarje út,
grut lijen komt foar him oan bod.
De Hear komt yn in see fan fjoer,
syn weinen jeie as in stoarm,
sa slacht de gleone grime ta,
de fijân falt, syn macht is oer.
Wa’t him in suver kleed oanmjit,
sa op in goare gids tarint,
mei him it fleis fan bargen yt,
komt oan syn ein, wat hy ek wit.
Foar wa’t my tsjinje, komt in stream
fan frede, fris as in rivier;
de treast fan memmen foar har bern
is foar de grutten noch in dream.
Jeruzalem jout jimme treast,
dat lûd komt út ’e timpel wei,
de gloarje makket tsjinners bliid,
dêryn beharkje jim de Geast.
* Yllustraasje ‘Fjoer’