maart 12, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Gean mar op reis, ôffallich folk,
tsjoch nei de kust yn ’t westen,
reizgje dêrnei nei it easten ta
en sjoch hoe’t folken harren goaden
net omruilje foar in oare god,
se ha har eigen holden.
Sjoch nei jimsels, myn eigen folk
hat My, syn Gloarje, samar
ruile foar in stik ûnmacht, no sa!
De himel is fan skrik bestjurre,
skrillet foar ’t ûntrouwe folk werom
en kin dêr neat mei wurde.
Wit dat jim as myn eigen folk
twa kear net diene nei myn
Wurd: de welle dy’t it wetter jout,
ha jim al lang net mear út dronken,
mar in eigen wetterbak úthoud,
sa djip is jim peil sonken.
Foto ‘Wetterwelle’
maart 9, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Ik ha in fraach oan Israel:
wie ’t ûnrjocht om it folk
dat foar jim wie, te lieden
út Egypte wei troch de woestyn?
Sa’n oard hat neat te bieden.
Ik ha dat folk doe fierder brocht
nei hôven mei de frucht
dy’t goed is om te iten,
mar se fregen net: ‘Wêr is de Hear?’
Oerdwealsk is dêryn biten.
’t Is wurden ta in folk fan neat
mei prysters sûnder fraach
oan My, profeten ûnder
ynfloed fan de god dy’t Baäl hjit,
Ik wie net mear bysûnder…
… as God dy’t rjocht docht oan syn folk,
gjin ûnrjocht oansjen kin,
dus sil Ik dêrtsjin stride
troch dat folk te roppen ta it pleit,
dat sil ta ’t fonnis liede.
* Foto ‘Woestyn’