april 30, 2022
fan ûnbekend*
It kaam net út ’e djipte wei,
mar út ’e hichte, bylden
dy’t my ferûntrêsten…
’t wiisde mâl op ljochtskyndei.
Ik seach de hiele ierde oer,
dy’t woest en leech ferskynde,
mar de himel skynde
net, wat makke my oerstjoer.
De heuvels skodden hinne wer
en ek de bergen beven,
mar ik seach gjin minsken,
fûgels wiene hjir noch dêr.
It boulân waard ta in woestyn,
plat leine alle stêden,
hiel de ierde rekke
keal, ik hold de siken yn.
It kaam net út ’e djipte wei,
mar út ’e hichte: grime
fan de Heare, rêste
koe ’k net mear, sa’t ik hjir lei.
* Foto ‘Leech lânskip’
april 27, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Ik bin oerstjoer fan wat ik hear:
gesketter fan de hoarn, de kriichsrop
dy’t oer berch en flakte klinkt;
myn yngewanden krimpe,
’t hert lit witte dat ik stjer.
Ik bin oerstjoer fan wat ik sjoch:
de tinten geane tsjin de flakte
en oan flarden slacht it kleed,
heech rikt de oarlochsflagge,
dat wat jout myn roppen noch?
Ik ha myn bêst dien as profeet,
mar ’t folk woe net nei ’t boadskip hearre,
yn it kweadwaan is ’t betûft,
it wol de Hear net kenne,
dêrom is it folk yn need.
* Foto ‘Tintekamp’