juni 3, 2022
fan Rembrandt*
Jeremia
De Hear liet Jeremia witte:
‘Gean yn de poarte fan de timpel stean,
dêr silst myn boadskip witte litte’:
‘Wa’t troch dizze poarte komme
om de Heare te oanbidden,
harkje nei it wurd fan God:
As jimme dogge sa’t it heart,
dan bliuwt dit stee foargoed jim plak
en is it falske lûd ferstomme:
de timpel bliuwt Gods ûnderdak!
Mar Juda’s dwaan en litten kin
folslein gjin sprekken lije:
stelle, moardzje en troubrekke,
falske eden dwaan en Baäl eare jaan
en dan myn seine krije
yn de timpel dêr’t Ik bin,
sa’t jimme tinke, mar ferjitte
dat Ik jim praktiken sjoch.
Wannear’t jim gean nei Sjilo,
sjogge wat ik dien ha mei myn stee
dêr, dan kinne jim wol witte
wat Ik dwaan sil mei de timpel hjir!’
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Jeremia treuret om de timpel’
juni 1, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
De Heare:
In folk komt út it noarden wei,
in grutte naasje set rap op
mei skerpe wapens, spear en bôge;
op hynders strûst dit wrede folk
mei man en macht op Sion oan…
sa komt de oardielsdei.
It folk:
Wy wiene rekke troch ’t berjocht,
de hannen waarden ús te slop
om noch in wapen op te nimmen;
mei sloech de skrik ús om it hert,
de pine skeat ús troch de lea…
gjinien hie hjiroan tocht.
De profeet:
Gean ’t fjild net yn, ek net op paad,
want bûten blinkt it skerpe swurd
fan ’t wrede folk dat skrik ynjaget;
earm folk, strûp gau de rouklean oan
en rôlje yn de jiske om…
jim lân falt yn it skaad.
* Striidstien ‘Oanfal fan de fijân’