Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Net offerje mar folgje

Bibelbylden

fan Pieter Lastman*

Ik hear de Hear noch sizzen
dat gjin inkeld offer foarskreaun is,
mar dat it folk om sizzen jout,
altyd de wei giet dy’t Hy wiist,
want it moat oan dwaan en litten lizze.

Mar ’t folk liet net it rinnen
achter goaden oan, rûn net de wei
dy’t wiisd wie en soe ek net nei
my harkje as profeet dy’t sels
wiisd wie hoe it folk werom te winnen.

 Ik moast myn hier ôfknippe,
daliks koe dit wijingsteken fuort,
doe sette ik in kleisang yn:
‘Dit folk is foar de Hear in griis,
’t is ferstjitten lykas goare drippen.

Ik hear de Hear noch sizzen
dat gjin berne-offer easke wurdt,
lykas it folk oan goaden jout;
yn Sion is it grau en griis,
wylst de strjitten der stil hinne lizze.

* Pieter Lastman (1583-1633)
Skilderij ‘Heidensk offerje’


admin

Koeken foar Isjtar

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Ik sprek dy no oan, Jeremia,
bid net langer foar dit folk,
kom My net mei dyn smeekbea oan,
net langer bisto harren tolk.

Sjochst net wat sy op strjitte dogge
yn Jeruzalem, mar ek
yn oare stêden yn dit lân,
de reden dat Ik mei har brek.

Sjochst net dat bern it hout opsykje,
dêrmei stoke heiten fjoer,
de memmen riere it besleek
en bakke koeken foar dy hoer…

… fan Isjtar, himelkeninginne,
oare goaden krije drank,
sy krinke djip My mei har dwaan
en litten? Gjin ferlet fan tank…

… ha IK, ta eigen skea en skande
bidde sy de goaden oan,
myn grime komt op dit folk del,
by My ha sy ’t foargoed bedoarn.

* Ofbylding ‘Isjtar’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum