oktober 9, 2024
fan ûnbekend*
Daniël
Ik, Daniël, kaam oan de ein
fan alle wurden, alle tekens,
seach twa tsjûgen stean,
elk oan in kant fan de rivier
en boppe ’t wetter wie in man
yn klean fan suver linnen,
mei syn beide hannen heech
spriek hy wurden dy’t foar wier
de tiid trochgeane oant de ein ta:
earst komt noch de lange tiid
fan dat grouwélich alter
mei it offer fan ‘t ûnreine dier,
mar do giest fierder, Daniël,
folhâldend oant de ein ta,
dan jousto dy del en krijst
wat foar dy weilein is,
myn wurden binne wier.
* Yllustraasje ‘Daniël yn ôfwachting’
oktober 5, 2024
fan ûnbekend*
Daniël
Lit de skiednis fierder sprekke
oer geweld fan súd nei noard
en wer werom: fan noard nei súd,
sa’t keningen dat hawwe woene,
moarden wiene der by ’t soad.
God syn folk kaam yn de knipe
yn de midden tusken súd en noard,
dêr’t weagen botsten opinoar,
om’t keningen de macht ha woene,
moarden wiene der by ’t soad.
Michael sil einlings komme,
hy sil noed stean foar de bern fan ’t folk
dat tiden yn benearing wie,
sy sille oan de macht ûntkomme,
Daniël, do bist har tolk.
^ Yllustraasje ‘Aartsingel Michael’
Neiskrift
Dit gedicht is net fan tapssing op ‘e situaasje
fan hjoed de dei: de lieders fan it ‘folk fan God’
moardzje derop los.