Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Samuël salvet Saul

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Marc Chagall*

Hy hie de ropping as profeet,
wie tsjin it roppen fan it folk:
‘Jou ús in kening yn gefal fan need,
jo bliuwe uteraard Gods tolk!’

Hy wie in sljochte boeresoan,
dy’t om syn heite ezels socht,
tocht oan gjin demonstraasje om de troan,
hie fan it sykjen skjin syn nocht.

Doe rekken beide yn petear
noch foar’t de kwestje kaam oan bod,
it miel wie foar de boeresoan in ear,
’t profete-ear wie keard nei God.

Tegearre giene se op wei,
ynienen kaam it derop oan:
de oalje streamde út it krúkje wei,
ta kening waard de boeresoan.

Image

Boer-kening gie wer op ‘en paad,
kaam ûnderweis profeten tsjin,
hy dûnse mei, ’t wie tsjin syn boere-aard,
profeet en kening, dûbel sin.

* Marc Chagall (1887-1985)
Tekening ‘Saul ta kening salve’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum