Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Heit en foarst

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

As in strider-kening wurdt ta heit,
dan is it swurd net wichtich mear,
it giet dan net om slach en ear,
hy heart skerp wat de siele seit.

Image

Wurdt de oarloch wûn, it bern ferlern,
dan is der gjin hâldfêst mear oan,
de heit rout gûlend om syn soan,
de wanhoop is him oan te sjen.

Rinnend giet it hinne, dan werom,
al roppend: ‘Absalom, myn soan,
wie ik mar yn dyn plak hjoed stoarn,
myn soan is dea, myn Absalom.’

As in militêr sok bearen heart,
dan stekt dat swurdskerp yn it boarst,
hy sjocht allinnich mar de foarst
en net de heit dy’t leaver stjert.

Joab, generaal fan slach en ear,
keart kening David nei de winst;
hy lit him sjen, dat is it minst,
it folk ferwachtet letter mear.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘David rout om Absaloms dea’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum