mei 25, 2022
fan ûnbekend*
Wa kin ik as profeet oansprekke,
twinge om te iepenjen it ear,
al is ’t mar ien, want beide sitte ticht,
it folk hat neat mei wurden fan de Hear.
Ynhâlde kin ik net de grime
fan de Hear, dy jit ik út oer bern
op strjitte, keppels jongfolk fiele ek
de hjitte, jong en âld, elk giet ferlern.
De huzen komme ta oan oaren,
al it lân en froulju likegoed,
want allegearre binne derop út
har slach te slaan, al kostet it ek bloed.
Profeten en ek prysters binne
ûnbetrouber, want wat stiller is
wat better, sizze sy, mar better wurdt
it net, want yn dit lân giet alles mis.
Sy skamje harren net foar skande,
witte net dat men fan skamte read
wurdt, dêrom falle sy wannear’t de slach
komt en ’t mei jong en âld ferkeard beteart.
* Yllustraasje ‘Jeremia’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024