Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Froulik selsbyld

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Kening Ahasfearos woe wer trouwe
mei in faam dy’t der wol wêze mocht,
dat yn it hiele lân waard socht
nei withoefolle kreaze frouwen.

Mordekai, in Joadske balling, tsjinne
yn de buert fan ’t keninkllik paleis,
fernaam al gau it lêste nijs
en koe dêrmei in protte winne.

Ester, dochter fan ferstoarne âlden,
kriich by Mordekai in feilich plak,
hy seach ’t paleis as ûnderdak
om ’t eigen folk yn stân te hâlden.

Hegai, wachter oer de kreaze frouwen,
wie foar Ester better as gewoan
in hoveling, sy spriek him oan,
kriich opmaak, boppedat fertrouwen.

Ester moast doe by de kening komme
mei de opmaak neffens Hegais rie,
dêrboppe hoe’t sysels al wie,
dêrtroch stie ’t hiele hof ferstomme.

Kening Ahasfearos moast wol kieze
foar de faam dy’t der wol wêze mocht,
net wittend wat de takomst brocht,
mar Esters folk soe net ferlieze.

Image

* Yllustraasje ‘Ahasfearos makket Ester ta keninginne’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum