Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Kakebienslach

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Salomon de Bray*
fan Giorgio Schiavone**

Image

’t Wie nei it fûle foksefjoer,
doe klom de fijân op nei Juda
om de delgong fan ien man;
foar ’t eigen folk, bang foar de ban,
wie Simson ien tefolle… oer.

’t Judeeske leger kaam doe del
mei trijetûzen man nei hoale
Etam, dêr’t dy iene siet;
oan ’t eigen folk, gjin heldedied,
joech hy him oer… as net yn tel.

De fijân joech in lûd jûchhei
by ’t sicht fan boeien om dy iene,
dy’t doe seach in kakebien;
de Geast is troch him hinnegien,
hy sloech derop en rôp dêrnei:

Image

‘Mei it kaakbien fan in ezel
ha ‘k har op bulten lein,
mei it kaakbien fan in ezel
ha ‘k tûzen man ferslein.’

De lippen waarden Simson droech,
de tonge kleefde yn syn mûle,
bang rôp hy de Iene oan;
der kaam in stream foar Juda’s soan,
dy’t oan syn folk de frijheid joech.

* Salomon de Bray (1597-1664)
Skilderij ‘Simson mei in ezelskakebien’

* Giorgio Schiavone (1436/7-1504)
Skilderij ‘Simson slacht in Filistyn mei in ezelskakebien’

admin

Fjurrige wraak

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Simson koe har net ferjitte,
sette wer op Timna ta
yn goedens mei in geitebokje,
want hy woe har dochs wol ha,
syn grime hied er achter litten.

Image

Skoanheit die it lûkje iepen,
mar liet Simson der net yn,
syn dochter libbe mei in oare,
ommers ’t wie al skoften lyn
en no al nacht, se lei te sliepen.

Simson flamme op fan grime,
sette foksen nei syn hân,
bûn twa by twa, in fakkel tusken
sturten, sa ûntstie der brân
yn ’t nôt, in lôge oant de kimen.

Skoanheit seach de Filistinen
kommen, allegearre poer
op ’t hûs dat twa kear brulloft fierde;
op ‘e nij in lôgjend fjoer:
wer twa dy’t âlen fan de pine.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Simson bedriget syn skoanheit’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum