Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Joaram

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Joaram, foarst fan Juda,
kening yn Jeruzalem,
de stêd fan foarfaar David,
hat net harke nei syn stim,
liet leaver ôfgodsbylden ta.

Moardner fan syn bruorren,
ek guon fan de hegerein,
soks yn de stêd fan David,
’t lêste wurd wie noch net sein
oer ’t lijen fan syn eigen bern.

Strider tsjin de fijân,
Edomyt en Arabier
en Filistyn as David
fochten hie al mannich jier
ferlyn, mar Joaram hold net stân.

Heit fan sleine soannen,
fuortfierd nei it frjemde lân,
fier fan de stêd fan David,
noch hie Joaram it net hân,
hy moast syn eigen termen sjen.

Joaram, foarst fan Juda,
lijer oan de geast en lea,
noch jong by kening David,
hy waard iepen foar de dea,
sa woe it ôfgodslibben ha.

* Neffens Promptuarii Iconum Insigniorum
Segel ‘Joaram, kening fan Juda’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum