Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Timpelhout

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Wa kin in timpel bouwe
sûnder hout fan kwaliteit?
Yn Israel wie ’t net te finen,
dus waard ymport ta in feit,
de polityk joech it fertrouwen.

Twa foarsten ha as maten
oerlis fierd, mar wol mei takt,
dat wiene Salomo en Chiram,
sûnder help fan in kontrakt,
fertrouwen wie de grûn fan praten.

Image

Yn ’t noarden waard fûl kappe
seder- en sipressehout,
dat kostber wie yn Chirams eagen,
like djoer as timpelgoud,
syn folk soe ’t swiere wurk wol lappe.

De stammen waarden rôle
nei de see en dreauwen nei
it suden neffens Chirams plannen,
Salomo joech oan de wei
fan wat er tasein hie: de bôle.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Seders fan de Libanon
foar de timpelbou’

admin

Salomo’s machtspreuk

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Image

Fan Egypte oant de Eufraat
hearske kening Salomo
mei yn it hiele ryk sjaloom;
de foarsten brochten skiep en ko,
elk stie by him yn ’t skaad.

As de sinne wie syn wiisheid,
syn begryp sa wiid as ’t strân,
hy seach noch fierder as de see;
de foarsten hiene foar ’t ferstân:
hy sprekt it wiere pleit.

As syn heit skreau hy ek lieten
oer de fisken yn de see,
de seders fan de Libanon,
oer slangen, fûgels en it fee,
sa joech er bisten stim.

Mar it wrinzgjen fan syn hynders
riisde oer de Libanon,
it wie syn machtspreuk yn de klim.

* Yllustraasje út in njoggende-ieuske bibel

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum