Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Krystljocht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Alle dagen by ’t lemieren
bringt it easten ’t earste ljocht,
soms mei in loft dy’t rjocht
docht oan it wiere.

Image

Ljochten dy’t oer ’t asfalt strike,
hâlde ho foar ’t rûne read
en ha wat mear as neat
op ’t sfearljocht like.

Image

Lampen tsjutte yn it tsjuster
foarmen fan in seil en fok,
yllúzje fan it lok
dat wie fan juster.

Image

Earen ôfstimd op ‘e weagen
yn in loft fol heil en snie,
ha gjin ferlet fan rie
as Christmas-leagen.

Image

Ien flamke flakkeret op ‘e ierde
wif de wierheid út fan wat
men neamt it heil fan God:
it bern as ’t wiere.

Image

admin

Libbene krystbeam

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Troch langstme nei it ivich grien
en ljocht yn lange nachten
is de do op wjukken gien,
wat libben wurdt ferwachte?

De tûken binne kâld en keal
en feal is de lânsdouwe,
mar de krystbeam libbet eal
mei trije frije pauwen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum