Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Bruorren Zwaga

Skûtsjesilen
Bruorren Zwaga PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1981

Lit de Zwaga’s it mar sizze
hoe’t in skûtsje sile wol,
de hân op ’t helmhout leit,
dat Starums see stiet hol,
sy sille foaroan lizze.

Image

Rienk, de âldste fan de trije,
kampioen mei SWH,
mei ’t skipperseach fan heit,
soe ’t helmhout net mear ha…
moast hy it silen mije?

Image

Jeen, de jongste, hie ambysje
foar it roer fan Earnewâld,
de namme wûn it pleit,
want wat wie jong of âld,
hy soe de flagge hysje.

Image

Lammert, mannich kear as earste
oer de finish foar Langwar,
syn sykte wie in feit;
op Rienk foel doe de kar,
net sile docht it searste.

admin

Stellen swurden

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1981

Fan in skûtsje binne swurden earen,
minder foar it harkjen as it sicht,
want ha se net de plicht
it skip op koers te hâlden?

Image

Earnewâld koe ’t skûtsje neat mear leare,
mei in koeltsje of in heale stoarm
foldie ’t net oan de noarm,
dus wêrom’t skip te hâlden?

Dat de swurden kamen op it droege,
dêr’t se stiene sûnder doel of plicht,
gjin each is lykwols ticht
as ’t giet om wat te winnen.

’t Wie in skipperssoan dy’t kânsen loege,
ek de swurden foar syn eigen doel,
ferkocht dy waarm noch koel,
sa’n koers moast dochs wol kinne.

Earnewâld koe dochs noch wol wat leare,
want in swurd hâldt op ‘e wâl gjin koers,
is samar troch de slûs
foar ien om mei te farren.

Image

Kânsen kinne yn it libben keare,
earleas waard it foar de skipperssoan,
syn koers stie nimmen oan
om sa de priis te barren.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum