Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Op en nêst it roer

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1986

Image
Foto Tresoar Ljouwert

It gie de mar oer foar de wyn,
dus fierden se de skoaten
yn de oarloch*, doe noch lang net oer,
want sjoch ’t konfoai fan trije boaten,
mar it skûtsje foer de takomst yn
en Ulbe** siet as winner op it roer.

Hy seach it skip mei skipperseach
en koe it seil sa sette
dat it skûtsje as in seejacht rûn;
sa hold er him oan eigen wetten,
foar syn konkurrinten faak in pleach,
mar ’t makke him ta wiere kampioen.

In winner komt ek oan de ein
en fiert op ’t lêst de skoaten
fan it grut konfoai dêr’t hy op foer,
it wiene skûtsjes, mar yn soarten;
mei syn namme wurdt it lêste sein,
no hinget Ulbe Zwaga nêst it roer***.

Image

* De foto is nommen yn 1940
** Ulbe Zwaga
*** It nije Ljouwerter skûtsje
mei de namme ‘Ulbe Zwaga’

admin

Plysjes narje

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1986

De Waadsee is gjin oseaan,
sadat dêr skûtsjes sile kinne,
lit se stampe op ‘e baan
fan Harns nei Skylge.

Ek plysjes ha de skipperstrui
oer harren brede skouders lutsen,
wat koe ’t skele, blak of bui
fan Harns nei Skylge.

Image

It wie earst blak, se dreauwen wat,
ynienen kaam der lykwols aksje,
Siete* dreau mei har de spot,
noch fier foar Skylge.

Syn kop treau narjend tsjin har roer,
it like op in provokaasje,
want it korps hie gong noch stjoer,
gjin sicht op Skylge.

Gjin arrestaasje fan it Siete-skip,
it soe de race nei Harns sels winne,
bots mei plysjes is de tip,
want dat bruit hinne.

Image
Skilderij Boalserter skûtsje

* Siete Meeter

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum