Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Apokalyps

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It wie as yn in fisioen:
de himel tsjusterblau,
in felle bjusterstjer,
in hel ferljochte kou,
in spitse dûbeltoer,
in hinne en gjin wer,
mar noch gie ’t near net oer,
want boppe wie mei ûnder
troch wolken glês ferbûn.

Image

De hellekou waard gloeiend gips
dat smolt de traaljes oan
elkoar, bestjurre ta
in klap dy’t sa de kroan
ferinnewearje soe
fan Snits, de ein fan twa
wat ek de glêswolk woe,
want boppe wie mei ûnder
in wier apokalyps.

Image

Mar wier wie dat de iepen sel
fan brutsen glês de list
wie foar in iere boat
en dat de stien net mist
hie, lykwols twa kear scored,
no sa, de klap gie del.

Image

admin

Priis

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De prizen binne foar it folk
dat spieren traint ta polyestertrie,
de senuwen ta rustfrijstiel
en heech gloarearret yn in wolk
fan útlitlûden dy’t as rôze snie
bedobbet it gehiel.

Image

Sa krige ien fan ’t folk de kramp
yn ’t kût wylst hy syn rappe rûntsjes rûn
foarby in bank fan rustfrijstiel;
hy pûste yn in wolk fan damp
syn lijen út en dronk út blik him sûn,
in diel fan it gehiel.

Image

En ’t folk fan krukken kaam dêrnei,
him bitend op ‘e tosken fan ’t gebit
om troch te setten, eigenwiis
as rustfrijstiel, as trie sa taai,
mar mei de útspraak – bliid dat ‘k sit –
behelle it de priis.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum