Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Brekke of bûge

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy liket himelheech te rikken,
rjocht de rêch, fêst yn de grûn,
ambysje: strieljend yn it rûn
syn ljocht, mar dat skynt stikken.

Op ljochtskyndei is er rûch rekke,
’t wie in skeinend ynsidint,
mar ’t hie wol folle slimmer kind
as brutsen rêch en nekke.

Image

Hy sjocht jaloersk nei alle raaien
as natuerlik elemint
al lang oan ’t brekleas bûgen wend
fanwege twirjend waaien.

En ljochtskyndei wol ek noch rinne
oer it fêste fûnemint
mei ljocht dat fan ambysje wint:
it strielet fan de sinne.

Image

admin

Marbeskerming

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wat al troch de ieuwen hinne
meastal weage op ‘e wyn
of blak lei yn de gleone sinne,
hoe giet dat de takomst yn?

Kin de mar ’t klimaat ferneare?
Bakken wetter út ‘e loft
en stoarmen dy’t mei tonger beare,
hieltyd koarter tuskenskoft.

Image

Lit de Noarske fjorderotsen
komme nei de Snitser mar
dat de rûge weagen stikken botse
op in bûtenlânsk ferwar.

Dat de himel in metalen
oansjen kriget boppe ’t wiet:
it dak dat heint de hege halen
fan wat ús de takomst biedt.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum