Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Keninginnedei 2009

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De lûden fan de blaaskapel
op hichte fan it kariljon
ferstruiden wille, sweefden del,
de moarns noch licht as in ballon.

Image

Se dûnsen boppe it trottoir
fol mei it folk fan ’t frije feest
en namen mei fan alle waar,
de moarns gie ’t elk om earst en meast.

Image

Gjin auto wie noch op ‘e dyk,
dat neat ferbriek de harmony,
wol stikken glês noch sûnder lyk,
it stûke, dûns en melody.

Image

De middeis rekke ’t op ‘e kop
ferkeard wat moarns noch wille wie,
de flagge hong yn ’t blauwe slop,
it read fertelde fan de die.

Image

admin

Aprilblêden

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is april, syn tiid hat west,
hy is al moannen út ‘e moade,
mar noch altyd hâldt er fol;
syn kleur fergiet as by de pest,
de hûd stiet fan de bûlen bol,
hy leit as klant foar dea en boade.

En dochs, hy is net inkeld rest
fan wat er west hat, waard de koade
foar in keunst yn kleur en foarm,
in pronkstik op syn alderbêst,
foar nostalgy losfêst de noarm
en op ‘e roukaart waard er moade.

It is april, de tiid hat west
dat beammen folop blommen droegen,
blêden troch de strjitte heind;
in twirre docht dan noch de rest
en ’t liket as it kleuren reint,
in groet fan dy’t net fierder hoege.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum