Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Bliksem op Wâldsein

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1999

Image

De earste kin de lêste wurde
as it waar de mjitte slacht,
de dei feroaret yn de nacht
en skokken sjitte troch de swurden.

As tongerwolken ’t swurk besette,
flitsen fleane oer de mar,
de waarrie rekket yn de war,
dan hearskje fariearre wetten.

Grou, yn ’t klassemint de earste,
rekke yn it waar fertiisd,
waard nei it lêste plak ferwiisd
troch allerhande grille geasten.

De liuw koe ’t mei de geasten fine,
smiet it op in snoad akkoart,
wie hearsker oer de hiele float
en liet syn ljocht mei bliksem skine.

Image

admin

Starums spanning

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1999

By Starum waard it merkesilen
op ‘e rûte fan de trijehoek,
foar spanning is soks net sa tûk
fanwege ’t farren yn in file.

Image

Der gloeide spanning yn de eagen
fan de mannen op it achterdek
fan ‘Oeral thús’, net al te gek
fan start op Starums âldsee-weagen.

De Jouwer koe ’t net mear ferlieze,
dat de file sylde spanningleas
it trijehoekje tam en kreas
as gie it net om oare prizen.

Untspanning lei op ‘e gesichten
nei de striid by ’t farren yn de slûs
troch golle winsken by de rûs,
dochs gie it skûtsje nei de lichte.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum