Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

In memoriam Willem Lok

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hy wie in freon, net ien fan wize
nei himsels, mar earder nei de oar
syn ljocht, dêr’t hy mei nocht nei seach,
en waard it griis, hy hie de kleur derfoar,
dat wie syn libbenswize.

Image

Gjin swever wied er, wol besibbe
oan de hichte, farder yn de loft
op wyn dêr’t hy mei nocht op dreau,
sa seach er ’t hear oer, inkeling of kloft,
dy wiisheid wie syn libben.

Image

By ’t ôfskie fan syn byld die bliken
dat hysels de sinne wie dy’t ier
de kym ferljochte en syn waarmte joech,
mar sûnder kompromis of sier,
in stjer sil nea net wike.

Image

admin

Spoaren nei sin

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Der is gjin sprake fan in wrâld
dy’t lyts is, mar fan griis tichtby
dêr’t lûden yn fersûpe,
inkeld swart beweecht, is frij
om spoaren nei it read te lûken.

De kosmos draait fier boppe ’t wâld,
mar dize hâldt de hichte tsjin,
gjin blau skynt der trochhinne,
alles liket sûnder sin
wie ’t spoar net sichtber troch de sinne.

De wrâld is lyts, de kosmos âld,
mar as it ljocht de dize tilt
nei hichten dy’t it winne,
dan wurdt grut, swart-wyt it fjild
en is gjin markol mear allinne.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum