Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Twa portretten

Keunst
PDF Print E-mail
fan Edouard Manet*

Hy hat my portrettearre
sa’t ik wierlik bin,
in skriuwer dy’t basearret
’t oardiel op ‘e sin
fan ’t libben, elk syn rjochten
en as dat net bart,
beskriuw ik wat se tochten
yn it djipste swart,
ik, Emile Zola!

Image

‘De keunstbarbaren ha besletten:
skilderijen fan Manet
ferbean yn de Salon!
Mar ik beskuldigje har wetten
fan in skildersmoard, sa net
dus, Edouard myn man!’

Image

Ik ha my portrettearre
sa’t ik tink dat ‘k bin,
in skilder min wurdearre,
mar foar himsels net min;
lykas Zola my witte
liet, it Louvre is
foar dy, silst Kening hjitte,
libjend, dat is wis,
ik Edouard Manet!

* Edouard Manet (1832-1883)
hat neffens syn kollega Renoir
in foarbyld west foar de
ympressionisten, mar waard troch
de kritisy net wurdearre.
Se karakterisearren syn skilderijen
as flekkekeunst.
Skriuwer en freon Emile Zola
naam it foar him op.

admin

Lytser en lytser

Keunst
PDF Print E-mail
fan M.C. Escher*

Image

It grutte krûpt faak nei de râne,
docht yn ’t swart syn frettend wurk
en wat ynklauwerich telâne
komt, ferlytset ûnder ’t swurk.

It wyt besiket te ûntkommen,
want it bloed krûpt wêr’t it sa
net hinne wol, hoe sil it kromme
lykwols op it rjochte ta?

It draait geduerich yn de rûnte,
gjin ferwin op grutter lea,
mar wol ferlytset al it bûnte
oant it útkomt yn de dea.

* M.C. Escher, wie in master
yn grafyske oergongen fan
foarmen en kleuren.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum