Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Bloeispoaren

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Gjin winterspoar is mear te sjen,
want wiskjend kaam de maitiid oan
mei lûd en kleur noch licht fan toan,
it libben yn de trant fan bern.

Image

It hynder joech syn spoaren ôf
as ’t grutte hoefblêd op ‘e klaai,
it rôze fan de iere dei,
it bloeien fieden troch de dau.

Image

Mei ’t hoefspoar tusken tegels yn
begjint it libben hurd as stien
mei hope op in tiidlang grien
en ’t rôze weagjend op ‘e wyn.

Image

De minske makke ek in spoar,
dat noch wat fan de winter seit:
in leelje by it deade reid,
dy bloei giet glêshurd nea ferlern.

admin

Tachtich

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wurdt de tachtich helle
mei hoera of is ’t ferbean?
Hoe fier is ’t noch te gean?
Dat kin gjin kop fertelle.

Moat de tredde falle
fan de âlde spinnekop?
Syn krêften binne op,
se kinne ’t grêf wol dolle.

Image

Yn syn jonge jierren
hat er sûnder kreakjen draaid,
mar as it no hurd waait,
dan heart men him fan fierren.

Klachten lit er hearre
oer de útbou fan de stêd,
dat hy it net mear rêdt,
mei tachtich sil er stjerre.

Mar ’t begjint by tachtich
as er faaks ferfarre kin,
wer jong wurdt as in bern
en wjukket allemachtich.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum