Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Yndianeseremoanje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is gjin yndianereservaat
dêr’t attributen lizze
foar de houliksseremoanje:
fearren foar in fleanend aard
en ek de reek hat wat te sizzen.

Image

It is by Iesicht oan de Wide Ie
dêr’t squaws de tromme roere,
roppend oan de ierdske krêften
foar it breidspear goede rie
yn ’t fleanen nei de lêste oere.

Belibje net it lêste by ’t begjin,
blaas mei de fredespipe
wolken reek om op te driuwen,
dream de dreamen oer de sin
fan ’t fleanen, wês elkoar ta stipe.

Image

admin

Fakânsjejild

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Troch it blanke strân op ynternet
kriich hy ’t gefoel fan straks fakânsje,
mar de priis wie foar de puber fet,
dochs waaide it út see wei koel,
hy wist syn langstme joech him gjin garânsje.

Mei in fytstas fol mei folderboel
wie ’t stevich traapjen en ek stappen
mei in ‘wat hat dit foar doel’ gefoel,
allinnich euro’s wiene fet,
hoe koe hy ’t sûnder al dat troepwurk lappe?

Image

Foar ’t gefoel hie hy syn eigen wet:
hy wie mei folders ’t leafst allinne
yn ’t natuerlik grien, mear hoegde net
foar ekstra jild om nei de reis
te drinken koelfet op ‘e wyn en sinne.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum