Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Print

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It meunster leit op strjitte,
want de aksje hat jûns west,
it wie in swiere test
om ’t hert noch slaan te litten.

Image

It stiel hat deis swier rôle
om de meunsters paad te jaan,
it is ’t gewoane dwaan
foar elk: de wein as bôle.

Se tripkje troch de dagen,
litte achter print nei print,
net wittend hoe’t it rint,
wol hert foar keal en mage.

Image

admin

Mediale kommunikaasje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De protters foelen dwyl fan ’t dak
fan ’t gleone triljen fan de lucht
en bleauwen hymjend lizzen;
gjin fûgel fielde him op syn gemak,
troch strúk en loft klonk mannich sucht.

Image

De mantelmiuwen sochten heech
in suchtsje wyn, mar fûnen ’t net
op gleone fuotballampen;
de dwile koppen makken ’t kriezjen dreech,
wat yngong tsjin de miuwewet.

Image

De iene woe de mantel út
fanwege drippend fearreswit,
mar koe dat net bekriezje;
de oare hold doe ek syn snaffelsnút,
hy wie mar foar de helte fit.

Image

Doe socht de earste ’t hegerop:
kommunikaasje mediaal
mei help fan in antenne;
de dwilens streamde út ‘e miuwekop
mei tagelyk it jasferhaal.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum