Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Ingelfal

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De ierde spuite dat it spatte,
dat de rook kleau nei de himel op
en krong yn alle noazen;
doe ha ingels mei it heechste krop
mei ’t reguliere sjongen spotten.

Se lieten harren samar falle,
dreauwen op ‘e rokige termyk
as fan wol tûzen roazen,
binne lâne yn it ierdske ryk
fan botoks wangen boppe bollen.

Se binne op dat keunstfolk fallen,
tochten leger, net oan hegerop,
ha mei de bile hakke
fan de ierde, weet fan straf noch strop,
gjin aureoal mear om de holle.

Doe’t rook en nocht yn ’t neat ferfleine,
woe it ingelleger wol werom
om ’t heil wer op te pakken,
mar it slagge net, gjin wjuk dy’t klom,
de ljedder liet him ek net heine.

Image

admin

Sûnder soannen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Weidûkt leit er yn de moarntiid
as it tsjuster noch de oermacht hat,
lykwols bedrige troch de folle moanne.

Dy hat skynd de nacht troch, lânwiid
dûkten swakke strielen nei de grûn,
mar nei dat skynsel kraaide noch gjin hoanne.

Weidûkt ûnder ’t stjelpdak lei de
boer yn ûnmacht yn de neare dream
dat hynst en merje ’t diene, mar gjin soannen.

’t Earste ljocht strykt oer de greide,
wylst de moanne sakket en in beam
is klear foar ’t heinen, tûken wurde hannen.

Foar de hoanne is er wekker,
stekt de hannen nei de oeren út
en wit al ier, de takomst leit oan bannen.

’t Brochje leit him lang net lekker,
lit him witte, is it wol sa sûn
om nachts de neare merje yn te spannen?

By it opgean fan de sinne
sjocht de boer de dei wer troch in gat,
hoewol’t it krús noch stiet foar sûnder soannen.
Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum