Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Jagers spultsje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
’t Wie hjerst en wer in raazje,
want it jachtseizoen begûn
mei learzens oan, de pet op ’t hier,
it waard de dei fan stjerrend wier
mei hûndert hazzen foar de jûn
fanwege jagers kamûflaazje.

Image

Hy eage fjild en stedskym oer,
stie steil rjochtop as tsjerketoer.

Image Image

Mar sjoch, hy soe him risse:
troch de knibbels, op it gat,
gjin hazze seach mear pet of hier…
of moast er nedich, stjerrend wier,
oerein en rjochtsje foar it skot,
’t gewear foarút, sa hat er pisse.

Image

Hy seach en harke ’t spultsje oan,
it klonk as wie ’t in klokketoan.

admin

Losse

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie de mist dy’t my swier lade
op ‘e oergong fan de tiid,
beheind wat earder wie noch wiid,
klomsk kaam ik oan de kade.

Ik kuerde, mar ik seach gjin fierte
doe’t in skip foer troch ’t kanaal,
te swier, tocht ik, foar ’t each fataal,
de mist soe it wol witte.

De beide radarwjukken draaiden
wylst de spinnekop stie stil,
it wie te mistich foar de wil
fan hjerstwyn, wjuk en reiden.

Doe, stadichoan begûn ‘k te lossen,
riisde mei de sinne ’t moed,
it wetter tilde mei syn gloed
de kym, dy lading passe.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum