Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Nei de dream

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Op ‘e twirrren yn de stratosfear
bereizget hy de hiele ierde,
fan Australië op Fryslân oan;
yn ’t fleanen is er kant noch klear,
mar ’t driuwt him net ta dieden.

’t Is in dreamflecht, inkeld foar de sfear,
mei bylden dy’t samar ferglide,
dizich wurde, dan gjin hâlden oan,
mar yn de moarntiid is der mear
as ’t byld, de Fryske side.

Image

Tusken lân en wetter komt er del,
noch bol en fol fan heger sfearen,
dêrnei rint er leech, gjin dream hâldt oan,
en yn de fierte yn in tel
is ’t seil der, net te kearen.

Image

admin

Loftshow

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De iere moarn wie foar de hichte:
’t rizen fan it lôgjend ljocht,
de loft fan rôze nei himelsblau;
tegearre ha se ’t leger socht,
de protter en syn iendeisfrou,
allinnich foar wat losse flechten.

Se wiene beide net bot hechte
oan it leauwe yn de toer
fan alle oeren ’t selde liet,
it hoannekraaien wie har oer
om ’t hy op alle winen glied,
altiten op deselde hichte.

Se wiene beide net fan ’t lichte
draaien, hiene langstme nei
in show mei swier geskut en lûd
en nei de lêste hoannedraai
begûn te sieden ’t protterbloed:
formaasje ‘Draaiwjuk’ as de echte.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum