Har namme stiet foar navigearje
tusken see en fêstelân,
ferstân en yntuysje,
premier en achterstân,
de brân en ’t stoarmgeweld,
de rjochter- en de linkerhân,
it sânfolk en de klaaikers,
it easterskar en westerstrân,
it dreamlân en de komasoan,
se moast wol balansearje.
De Beatrix leit oan de kade,
kleurich nei har eale stân,
se kin no navigearje,
gefoelich, mei ferstân,
gjin brân en stoarmgeweld,
sy hat foargoed de frije hân
fan westerstrân by kusten
lâns, yn balâns nei Ingelân.

|