Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Nei de krisis

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Fêstlein oan de bolder,
troch de hals de stange,
opblaasd troch de wyn,
sjocht hy it tsjuster yn:
syn wrâld is kleare kolder.

Middenyn de polder,
koene se him fange,
finzen nimme yn
in wrâld fan swiere skyn:
de stange en de bolder.

Kraaiend de fiktoarje
op ‘e houten hikke
nêst de ljochte hin
jout hy de dei wer sin:
‘De wrâld sil grif feroarje!’

Image

admin

Wûnder fan ferskil

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

In wie in wike lang in wite wrâld
mei op it iis it swart fan mar ien rûnte,
lyts ûntwyk yn ’t wâljend wiet
foar fûgelbûnt yn mannichfâld,
in kâlde dûs, dus efkes ûnder.

De wrâld is folle grutter as in wek,
ek rûn, fan kâld nei waarm, as wie ’t in wûnder
foar wa’t djipgeand ûndergiet
dat frjemde fûgels libje ek
yn mannichfâld, stil yn de sinne.

Image

Se tripken proastich by it wetter lâns
mei yntuysje – wêr is wat te winnen
foar de mage – en dêr stiet
de bûnte kloft lang yn balâns
foar fûgels dy’t nijsgjirrich binne.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum