Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Fersleine grutskens

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Gjin grutskens is him frjemd
as hy syn status showt,
de sljochten fier oerstimt,
syn pracht nei foaren skoot.

Rjochtop is ’t steile lûd
dat hy oer ’t lân ferspriedt,
syn stam is blau fan bloed,
wa’t swak fan geast is, bliedt.

Gjin stielwurk dat him keart,
syn wet bliuwt rjocht oerein,
want wa’t it lûdste beart,
hat elkenien ferslein.

Dêr leit er op it hout,
noch yn syn folle pracht,
gjinien dy’t om him rout,
’t is út mei man en macht.

Image

admin

Stappen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It is de dei nei de oerwinning
fan Cambuur op Excelsior
en nei ‘wy binne kampioen’,
it alderheechste yn de sport
en dat op Fryske grûn.

Image

Hy lit him op ‘e weagen driuwe
fan Cambuur en It Hearrenfean,
hat yn de trein de mûtse fûn,
dêr sil er mei de stêd trochgean,
oan beide is er bûn.

Image

Hy set de dagen troch syn stappen
fan Lemmerwei nei Albert Heijn
oer tegels, stien en ek metaal…
tinkt hy dan oan de Auschwitz-trein
en oan har einferhaal?

It wiene wol har lêste stappen
fan ’t einstasjon nei ’t gaslokaal,
Rozet, jongfaam mar ek Joadin,
de tinkstien sprekt jûn kleare taal,
har dea hat no noch sin.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum