Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Winter yn de bosk

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ivan Ivanovitsj Sisjkin*

Image

As de wyn it easten kuollet,
Ruslâns grûn wurdt iis sa hurd
en stadich streame de rivieren
fan it grûniis dat as potstro riist,
dan grizet fan de Rus it burd
en sil de snie it lânskip siere.

Sisjkin sjocht de bosk feroarjen
fan in grûnkleur yn it wyt,
pinselet op it doek it stille
liet dat nei de ivichheid ferwiist,
mar wat natuer is of syn flyt,
dat jout de skilder inkeld wille.

Wat is Ruslân en wat Fryslân
as de froast falt fûl deryn
en snie oer ’t Fryske lânskip jaget?
Folken reitsje yn de bosk fertiisd
en freegje, wat is echt, wat skyn
oant oer in skoft de maitiid daget.

Image

* Ivan Ivanovitsj Sisjkin (1832-1898)
wie in master yn it beskilderjen
fan grutte doeken mei faak
in Russysk lânskip as ûnderwerp.

admin

Strjitsje yn Nevers

Keunst
PDF Print E-mail
fan Johan Barthold Jongkind*

Image

Hoewol’t syn namme spriek fan ’t bern,
koe ’t oansjen lûdop sprekken lije,
kaam er oer as lang en stoer
en liet er ’t each nei boppen sjen
om him oan ’t himelblau te wijen.

De himel fûn er yn Parys
en ’t Frânske lân om yn te swalkjen,
swier wie ’t libben en in toer
om ’t moed te krijen yn de hys,
ûnwennich wied er nei syn folkje.

Mar yn de kleuren spriek er mei
de himel dy’t er heech ferrize
liet, in fier symboal fan oer-
al thús mei ’t folle langstme nei
it lân dat faak lei yn de dize.

* Johan Barthold Jongkind (1819-1891)
wie yn syn keunst in foarrinder
fan it ympressionisme.
Hoewol’t er in swier en iensum libben hie,
wie dat net te sjen yn syn skilderijen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum