Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Groei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It hawwe gjin kabouters west
dy’t soargen foar in rynsk seizoen,
se wolle ha, de groei is sûn,
de reade gloede docht de rest.

De kenner wit fan foet en hoed,
de stâle krûpt rap út ‘e grûn,
dêrboppe strielet read yn ’t rûn,
de fraach is wat is kwea, wat goed.

It hawwe net de einen west
dy’t soargen foar tsjok einekroas,
de groei fan dat produkt rûn oars,
de marketing die doe de rest.

Image

admin

Harsensstjitte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It bonkte oer it hiele gea,
gjinien hie ’t yn de gaten
wa’t it yn de harsens hie
om mei sa’n lûd sa lûd te praten.

De protters wisten har gjin rie
en fleagen nei de tsjerke
foar har eigen feilichheid,
in triljend lûd kaam fan de flerken.

Image

It wie tafallich, mar in feit
dat op ‘e toer de hoanne
wiisde op in frjemd duel,
hy hie it út ‘e earste boarne.

It kaam der yn it koart op del:
in striid fan harsensstjitte,
wa’t it yn de harsens kriich
om mear as stomme skiep te witten.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum