Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

De aai

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ferdinand Knopff*

Image

Sjen kin men wat foar eagen is,
de feint dy’t, foar de helte bleat,
de frjemde frou it wang ta keart,
de werklikheid sa goed as wis.

It tinken bynt it ein mei ’t oar,
mar kriget op dit byld gjin grip,
it spot mei elke wittenskip
en set de geast op djipper spoar.

It skôgjen liedt nei dûbel sin,
de sfinks as in klassyk symboal,
matearje as de iene poal,
de geast de oare foar ’t gewin.

Sa wint de feint de knappe frou,
har geast fiert him by ljochtskyndei
oer ’t rôze fjild, de giele wei,
de aai komt lykwols fan de klau.

* Ferdinand Knopff (1858-1921),
dy’t ûnder ynfloed fan de mystyk kaam,
wie yn de skilderkeunst ien fan de
fertsjintwurdigers fan it symbolisme.

admin

Nap mei aaien

Keunst
PDF Print E-mail
fan Floris Verster*

Image

Kinne aaien oars wat sizze
as herhelling is it merk,
fan foarm ovaal, de kleur egaal,
de dop net al te sterk
en ek dat hinnen harren lizze?

Floris kin it neifertelle,
trije kear itselde byld,
fiif kear ovaal, de kleur egaal;
omdat it him besielt,
hat hy de keunst herhelle.

Libbenskeunst is de herhelling
fan wat is de minske nei,
ovaal of rûn, dat is egaal,
hy leit it eigen aai
en kleuret syn fertelling.

* Floris Verster (1861-1927)
skildere de nap mei aaien
trije kear, yn 1906, 1914 en 1915.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum