november 7, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
fan Bernardo Bellotto* fan Giovanni Antonio Canal** As ’t wetter ’t byld behearsket, glydt men mei in gondel troch kanalen, leawurk, wylst de geast besjongt de ieuwenâlde pracht, mar sjoch… … it folk dat oars net easket … hoe’t folk it byld behearsket, * Bernardo Bellotto (1721-1780), ** Giovanni Antonio Canal (1697-1768), |
november 7, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
fan Juho Rissanen* De moarns wie hy út fiskjen gien, dik yn de klean tsjin wyn en kjeld, mei bile en syn angelark, want ’t iis soe freegje om geweld, sa woed er ha. De jûns hie hy net foar har stien De deis dêrop hat Lars him fûn Syn leave frou gie troch de grûn, It gie dy dei fan baar nei baar, * Juho Rissanen (1873-1950), |