januari 16, 2017
Strakke streken rinne nei de kym,
de frucht fan greiden ûnder
en boppe ’t fladderjende wyt,
it keunstwurk stiet foar wûnder,
it lege gea op rym.
Mar it strakke kin net sûnder bocht,
keunst freget fariaasje
mei libben dat op poaten stiet,
in hals dy’t sprekt fan graasje,
men sjocht it oan mei nocht.
As de trekker oer de greide rydt,
it wyt wykt foar de sinne,
de graasje op ’e wjukken glydt,
dan sil de keunst ferrinne,
mar sjoch.. wat nijs ûntstiet.
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024