Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dûbel feest

Keunst

fan Georg Gilles Haanen*

sinnekear

It wie op ’t feest fan sinnekear,
dat gearfoel mei dat fan Jehannes,
dy’t in protte Joaden doopte,
dat Tirolers kamen yn de wear.

De bergen wachten harren op,
wylst sy de koarte nacht ferwachten,
dy’t har doopte mei ljochtmoanne,
wat it hert slaan liet mei fûle klop.

De beammen soargen foar it hout,
troch stoarmen fan de stammen brutsen,
ôffal op in hege bulte,
dat feroare yn de glâns fan goud.

It fjoer skonk gloede yn de nacht,
noch klearder as de rûne moanne,
sinnebyldich foar de sinne,
berch en beam genieten fan dy pracht.

It folk joech beide ljocht en ear,
oan sinnekear en oan Jehannes,
lieten klonken fier en dûbel ,
nei de lêste echo kaam it klear.

* Georg Gilles Haanen (1807-1879)
Skilderij ‘Moannelânskip mei figueren
by in kampfjoer op in berchpas’

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum